Provinsje: mear ûnderwiisjild

28 jan 2009 - 17:11
  • Deputearre Schokker: it ûnderwiisnivo moat omheech

De provinsje ynvestearret 11,5 miljoen euro ekstra om it nivo fan de basisskoallen yn Fryslân omheech te krijen. Dit bedrach komt boppe op de 10 miljoen euro dy't de provinsje earder al útluts foar ûnderwiisprogramma Boppeslach.

Sa'n 250 basisskoallen kinne oanspraak meitsje op de provinsjale miljoenen. Dat is de helte fan alle basisskoallen. De kwaliteitsynjeksje moat de Fryske basisskoallen fan 2015 ôf lanlik by de lanlike top 3 bringe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)