Provinsje krijt replika fan Schotanus Atlas út 1718

17 des 2015 - 16:27
  • Deputearre Sietske Poepjes besjocht de Schotanus Atlas út 1718

Provinsje Fryslân hat der in unike nije oanwinst foar de bibleteek by. It giet om in Schotanus-atlas út 1718. Net in orizjinele, mar wol ien dy't hast ien op ien neimakke is fan it orzjineel. Dat wol sizze dat de kaarten setten binne op papier dat liket op it papier fan dy tiid en ek de druktechniken lykje der bot op.

De atlas is makke troch útjouwerij Asia Maior. Yn totaal binne der 125 eksimplaren fan makke en se kostje goed 1200 euro it stik. Dochs binne se op tsien nei allegear ferkocht.

It eksimplaar dat de provinsje krigen hat moat in prominint plak krije yn it provinsjehûs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)