Provinsje krijt poeierbrieven

09 apr 2005 - 11:11

Yn it provinsjehûs yn Ljouwert is freed in poeierbrief fûn. Dat gebeurde ek by it provinsjale distriktskantoar yn Dokkum en it kantoar fan de plattelânsprojekten yn Frjentsjer.

De ôfdielingen dêr't de brieven besoarge binne, binne ôfsletten. De postkeamer fan it provinsjehûs is frijjûn, neidat bekend waard dat it poeier dat dêr fûn is, net skealik is. Wat it foar guod is, is ûndúdlik. De oare brieven wurde noch ûndersocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)