Provinsje knipt Sintrale As op

23 sep 2013 - 11:17
  • (argyffoto)

De provinsje knipt de oanlis fan 'e Sintrale As en de N381 op yn stikken om Fryske bedriuwen mear kâns te jaan om mei te dwaan. Troch it projekt op te knippen wurdt it oanbestegingsbedrach leger en hoecht gjin Europeeske oanbesteging dien te wurden. Deputearre Sietske Poepjes presintearre de nije oanpak moandei.

Poepjes hopet dat foaral it Fryske midden- en lytsbedriuw fan de regeling profitearje sil en mear opdrachten útfiere kin foar de provinsje. De Sintrale As tusken Dokkum en Drachten is yn mear as tweintich stikken opknipt.

Foar de N381 tusken Drachten en de Drintse grins giet it om 11 parten. Regiomanager Rolf Koops fan Bouwend Nederland reagearret posityf op de nije oanpak. Ek wethâlder Houkje Rypstra fan de gemeente Tytsjerksteradiel leaut der yn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)