Provinsje kin noch 3,5 miljoen euro enerzjypreemje fuortjaan

08 des 2015 - 20:19

De provinsje hat foar 2016 noch 3,5 miljoen euro yn kas as enerzjypreemje foar húseigeners dy't harren wenning oanpasse wolle. It oanfreegjen fan de preemje, fia it Samenwerkingsverband Noord-Nederland, wurdt makliker. Mei it jild kinne de huzen bygelyks better isolearre wurde.

De lêste twa jier hawwe 8500 eigeners foar 6,3 miljoen euro oan enerzjypreemjes oanfrege. Eigeners kinne maksimaal 3.050 euro krije foar enerzjybesparjende maatregels, mar krigen gemiddeld 700 euro oan preemje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)