Provinsje jout subsydzje foar apparteminten yn kantoargebou

21 apr 2016 - 12:38
  • It kantoargebou oan de Oostergowei yn Ljouwert

De provinsje stelt 38.000 euro subsydzje beskikber foar de ferbou fan it eardere kantoargebou oan de Oostergowei yn Ljouwert. Dêr komme fjirtjin apparteminten foar de sosjale hiersektor yn. Mei de ferbou is al úteinset en dy moat ein dit jier klear wêze. De ferbou kostet mei elkoar goed 1 miljoen euro.

De subsydzje fan de provinsje komt út it potsje foar werbestimmingsregelingen. Dat moat mear gong jaan oan it proses fan werbestimming fan gebouwen. De werbestimmingsregeling is ûnderdiel fan it 'oanfalsplan wenningmerk'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)