Provinsje jout nochris 2 miljoen foar oerdracht jeugdsoarch

10 des 2014 - 10:47

De provinsje jout nochris sa'n 2 miljoen oan de Fryske gemeenten om foar te kommen dat der per 1 jannewaris wachtlisten yn de jeugdsoarch ûntsteane. Deputearre Schokker antwurde dat woansdeitemoarn yn Provinsjale Steaten op fragen fan de ChristenUnie. De partij joech oan dat der by de jeugdsoarch grutte soargen binne oer de wachtlisten.

Mei it jild moat de oerdracht fan de jeugdsoarch fan it Ryk nei de gemeenten better ferrinne. It jild sil ûnder oare ynvestearre wurde yn gemeentlike gebietsteams dy't oan de slach gean mei de jeugdsoarch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)