Provinsje jout heal miljard út

08 apr 2009 - 10:14
  • Deputearre Sjoerd Galema fan finânsjes

De provinsje hat yn 2008 in heal miljard euro útjûn. Dat is goed 40 miljoen mear as yn 2007. Dat stiet yn it jierferslach fan 'e provinsje.

Opfallend is dat tsien persint fan it jild yn 'e begrutting noch útjûn wurde moat. De projekten der't it jild hinne moat ha fertraging oprûn wêrtroch dat net mooglik wie. Ek is mear jild útjûn oan it provinsjebestjoer. Sa waard der faker gebrûk makke fan de tsjinstauto en koste it ôfskied fan Nijpels en de komst fan Jorritsma ek in soad jild.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)