'Provinsje hie liede moatten'

29 jan 2010 - 21:43

De provinsje hie earder de lieding nimme moatten by de weryndieling yn Súdwest Fryslân. Doe't dat inisjatyf ûntstie hie de provinsje dat yn in breder provinsjaal plan ynpasse moatten. Dat seit VVD Twadde Keamerlid Willibrord van Beek.

Hy wie freed mei de fêste keamerkommisje Ynlânske Saken op wurkbesite yn it gebiet. It giet dan om de gemeente Wûnseradiel, Nijefurd, Wymbritseradiel, Snits en Boalsert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)