Provinsje heft farferbod op

20 jan 2010 - 10:32

Der mei wer fearn wurde op de Dokkumer Ie en it Dokkumer Grutdjip. Dat hat de provinsje bepaald. Earder mocht ek al op de farwegen nei Drachten fearn wurde.

Begjin dit jier waard it farferbod ynsteld om de wâlskanten te beskermjen tsjin kruiend iis. Dat ferbod jilde foar de hiele provinsje. Allinne op de haadfarwegen, lykas it Prinses Margrietkanaal en Van Harinxmakanaal, jilde dat farferbod net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)