Provinsje hâldt jild oer

16 mrt 2011 - 16:53

De provinsje hat ferline jier mear as 22 miljoen euro oerhâlden. Dat docht bliken út de jierrekken. Earder waard noch in oerskot fan hast 15 miljoen euro ferwachte. Der binne neffens ferantwurdlik deputearre Galema twa oarsaken foar. De provinsje hat foar in tal projekten bygelyks jild út Europeeske potsjes helle. Ek hoe't de provinsje begruttet is feroare.

De kâns bestiet dat de ryksstop op natuer de provinsje noch jild kostet. Dat kin maksimaal 30 miljoen wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)