Provinsje hâldt fyts-enkête

03 jun 2010 - 11:39

De provinsje wol fan 'e ynwenners witte oft se de fyts brûke, wannear't se dat dogge en wêrom. Fiiftûzen húshâldens krije dizze wike in enkête yn 'e brievebus. De provinsje wol ek witte wat de winsken binne foar foarsjennings foar fytsers.

It is it twadde kear dat it ûndersyk hâlden wurdt. Yn 2005 wie de earste kear. De útkomsten moatte de provinsje helpe om fan Fryslân in fytsprovinsje te meitsjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)