Provinsje: goede ûnderhannelingsposysje foar Omrop Fryslân

09 okt 2015 - 14:13
  • Aksjefierders by it provinsjehûs yn Ljouwert

Deputearre Sietske Poepjes hat mei steatssekretaris Dekker ôfpraat dat se oer in pear wiken meielkoar om tafel sille om te praten oer de posysje fan Omrop Fryslân yn de nije Mediawet. Ynstek fan dat petear is in aparte status foar de Omrop yn de nije nasjonale organisaasje fan regionale omroppen.

Neffens Poepjes hat se in goeie ûnderhannelingsposysje, omdat safolle partijen harren ynsetten hawwe foar it behâld fan de selsstannichheid fan Omrop Fryslân.

Lykas oare regionale omroppen sil ek Omrop Fryslân besunigje moatte, mar dat hoecht neffens har net ta skea fan de ûnôfhinklike posysje fan de stjoerder.

De Omrop soe in aparte, bysûndere status krije moatte binnen it mediabestel, sa seit de deputearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)