Provinsje: gjin aktive rol by oplossen problemen huzen Grou

20 maaie 2015 - 13:07
  • De Noarderdwersstrjitte yn Grou

De provinsje hoecht gjin aktive rol te spyljen by it oplossen fan de problemen yn de Noarderdwersstrjitte yn Grou. In part fan de huzen fersakket dêr as gefolch fan pealrot. De ChristenUnie yn de Steaten wol dat de provinsje him aktyf bemuoit mei it finen fan oplossings.

Neffens deputearre Hans Konst leit dy rol by de gemeente Ljouwert. Dy wurket mei wenningboukorporaasje Elkien hurd oan in oplossing. De provinsje is ree 250.000 euro by te dragen oan de oplossing fan de problemen. Der wurdt op it stuit útsocht hoe't dat it bêste kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)