Provinsje finansjeel sûn

23 maaie 2014 - 15:07
  • It provinsjehûs yn Ljouwert

De provinsje stiet der de kommende jierren finansjeel goed foar. Dat sei deputearre Jannewietske de Vries freed by de taljochting op de begrutting. Der binne reserves en it jild dat stutsen wurdt yn de ekonomy kin foar in part op 'e nij brûkt wurde.

Der is gjin romte foar ekstra grutte ynvestearrings. Neffens de deputearre is soks ek net nedich om't oanlis fan nije diken sa goed as klear is. Om dat op peil te hâlden is al ekstra jild beskikber foar ûnderhâld.

Der bin sels noch mooglikheden om ekstra jild te stekken yn de ynfrastruktuer, lykas de ûntslutingsdyk fan it yndustryterrein yn Hallum. It is de bedoeling dat de kommende jierren ek ekstra jild stutsen wurdt yn it opliedingsnivo fan de Friezen. Dat moat struktureel omheech om de ekonomy sterker te meitsjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)