Provinsje ferliest jild by DSB

19 okt 2009 - 14:29
  • Fallisemint ek gefolgen foar provinsje Fryslân

De provinsje Fryslân ferliest yn elk gefal 4000 euro troch it fallisemint fan de DSB Bank. Ek in oantal Fryske gemeenten hat nei alle gedachten skea.

De provinsje en de gemeenten hiene 100.000 euro by de DSB Bank fia de bestjoersakademy Noard-Nederlân. Dy ynstânsje wie al ophâlden, mar hie noch wol jild op de bank. Ek Drinte en Grinslân hiene in oandiel yn de bestjoersakademy. Dy provinsjes hawwe dus ek skea.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)