Provinsje: elk moat sporte

11 mrt 2009 - 12:29

Elkenien yn Fryslân moat sporte kinne. Dat is de ambysje fan 'e provinsje foar de kommende fjouwer jier. Om dat foarinoar te krijen jout de provinsje subsydzjes en wol it jild frijmeitsje foar de organisaasje fan grutte en lytse sporteveneminten. De provinsje wol dêrneist foaral keatsferienings helpe om mear leden te werven.

De plannen steane yn de nota 'Sport beweegt Fryslân'. Dêryn stiet it nije sportbelied fan de provinsje foar de jierren 2010 oant en mei 2013.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)