Provinsje easket jild Ryk

09 nov 2007 - 10:59

De provinsje Fryslân wol nei de rjochter stappe om jild te krijen fan it regear foar de jeugdsoarch. It giet om inkele miljoenen dy't earder tasein binne, mar úteinliks net oermakke binne. Sûnt in pear jier leit de regy fan de jeugdsoach by de provinsjes, dêr soe jild foar de provinsjes tsjinoer stean.

Oant no ta hat it ryk neat útbetelle en it liket der ek net op dat dat meikoarten wol gebeurt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)