Provinsje docht oanjefte tsjin âld-steatelid PVV

16 sep 2015 - 22:54
  • De steateseal yn it provinsjehûs

De provinsje docht oanjefte tsjin ald-PVV’er Pieter Buisman. Foar fertsjustering fan in lytse 18 tûzen euro. Dat blykt út provinsjale stikken. Buisman stapte oardel jier lyn út de PVV-steatefraksje omt hy it net iens wie mei polityk lieder Geert Wilders. Dêrnei gie hy fierder ûnder de ienmansfraksje Buisman. Yn maart fan dit jier stapte hy út ‘e Steaten. Neffens Provinsjale Steaten blykt út ûndersyk fan in eksterne akkountant dat Buisman fraksjejild net op de juste wize brûkt hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)