Provinsje bliid mei stipe Frysk

16 nov 2006 - 14:18

De provinsje is bliid mei it beslút fan it Europeesk Parlemint om mear oan de Fryske taal te dwaan. De ferwachting is dat it Ryk no ek mear jild op it kleed leit. Fersterking fan it ûnderwiis is fan grut belang, fynt deputearre Mulder. It Frysk kin no opnommen wurde yn Europeeske subsydzjeprogramma's. It Europeeske parlemint wol de lidsteaten derta oansette om in natsjonaal taalplan op te stellen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)