Provinsje biedt fee-opfang oan

06 jan 2012 - 12:26
  • Jongfee

De provinsje Fryslân biedt melkfeehâlders út Grinslân opfangromte foar it fee oan. It kin plak krije yn fjouwer boerepleatsen dy't de provinsje oankocht hat yn ferbân mei de oanlis fan diken of nije natuer. De pleatsen lizze oan de dyk Drachten-Appelskea (N381), by Bûtenpost en op it plak dêr't de Heak om Ljouwert komme moat.

De pleatsen beskikke oer melkynstallaasjes. Se wurde no bedriuwsklear makke. Der is ek plak foar jongfee. Freedtemiddei wurde op de pleats yn Bûtenpost 450 stiks fee brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)