Provinsje berikber by Tocht

06 feb 2012 - 21:50

Der wurde gjin sneldiken ôfsletten as de Alvestêdetocht trochgiet. De provinsje is gewoan berikber, seit boargemaster Crone fan Ljouwert. Hy giet derfan út dat in soad minsken de trein nimme sille yn it gefal fan in Alvestêdetocht.

Crone ropt de besikers op goed nei te tinken oer wêr't se stean wolle. Guon lytse tagongsdiken sille wol ôfsletten wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)