Provinsje benaud foar de JSF

12 des 2008 - 14:29
  • De provinsje is net bliid mei de Joint Strike Fighter

De provinsje is benaud dat de komst fan de Joint Strike Fighter nei Ljouwert útdraaie sil op de sloop fan doarpen en stedswiken by de fleanbasis. Provinsje en de belutsen gemeentes skriuwe dat yn in lulke brief nei it ministearje fan definsje.

De Joinst Strike Fighter makket fjouwer kear safolle leven as de F16's dy't no op de fleanbasis steane. Yn it slimste gefal soene doarpen as Marsum, Jelsum en Koarnjum sels sloopt wurde moatte, sa skriuwt de provinsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)