Provinsje begjint mei oanlis beekpassaazje Alddjip ûnder A7

01 sep 2015 - 08:38
  • Projektlieder Jan Nicolai fan de provinsje Fryslân
  • Jan Rozema fan steatsboskbehear is entûsjast oer de beekpassaazje

Tiisdei wurdt begûn mei de oanlis fan in beekpassaazje foar it Alddjip ûnder de A7 tusken Beetstersweach en De Gordyk. Op dit stuit is de A7 noch in daam yn it Alddjip en wurdt it wetter opkeard. Mei de komst fan de beekpassaazje kinne bisten en wetter de autodyk yn de takomst maklik passeare.

Benammen de otter, de ringslang en kikkerts en oare lytse bisten kinne fan de passaazje profitearje. It wurk kostet goed 2 miljoen euro en moat heal novimber klear wêze. It ferkear moat yn dy tiid stadiger ride oer smellere rydbanen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)