Provinsje bêdet ATF-brân del

23 maaie 2001 - 00:00

De brân by ôffalferwurker ATF yn Drachten hat hast gjin boaiemfersmoarging feroarsake. Dy konklúzje lûkt de provinsje op grûn fan in ûndersyksrapport dat woansdei presintearre is.

It rapport rept net oer de gifwolk dy't by de brân frijkaam. Bewenners fan it doarpke Smelle Ie binne dêr lilk oer. Neffens miljeudeskundige Lucas Reinders wie de wolk skealik foar de folkssûnens.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)