Provinsje-amtners ferhúzje

21 des 2006 - 17:02

Alle amtners fan de provinsje binne oant âld en nij frij. Dêr is in reden foar: se binne oan it ferhúzjen. De kommende fjouwer jier krije de amtners in tydlik plak yn it âlde PTT-gebou oan de Snekertrekwei yn Ljouwert. It provinsjehûs oan de Twibaksmerk yn Ljouwert wurdt dan yngripend ferboud.

It guod fan 900 amtners moat foar twa jannewaris te plak stean yn it nije gebou. In megaklus dus foar de ferhûzers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)