Provinsje-amtner net ferfolge

22 maaie 2008 - 10:02
  • It tydlike provinsjehûs dêr't it lekte ûndersyk oer gie

De provinsje-amtner dy´t fertroulike ynformaasje lekt hat nei de krante wurdt net ferfolge foar it skeinen fan de geheimhâldingsplicht. It Iepenbier Ministearje hat de saak tsjin amtner Margaret_Beckers seponearre.

De frou waard ferline jier ûntslein omdat se yn in e-mail fertroulike ynformaasje nei de Ljouwerter Krante lekt hie oer in ûndersyk fan de rekkenkeamer nei it tydlike provinsjehûs. Neffens it OM is se troch de gefolgen al genôch rekke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)