Provinsje: 37 mln. oan opsinten

19 apr 2005 - 08:05

Fryslân krijt dit jier 37 miljoen euro binnen oan provinsjale opsinten op de motorrydtugenbelesting. Dat docht bliken út sifers fan it Centraal Buro voor de Statistiek.

De provinsjes krije dit jier meiïnoar ien miljard euro oan de saneamde opsinten binnen. It is de belangrykste ynkomsteboarne foar de provinsjes. It jild wurdt foar it grutste part brûkt foar ferkear en ferfier en wolwêzen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)