Provinsjale Steaten beprate advys ynformateur Benedictus

07 apr 2015 - 12:23
  • De Rouwe en Benedictus yn de parseromte fan it provinsjehûs

Provinsjale Steaten fan Fryslân beprate tiisdeitejûn it advys en it einferslach fan ynformateur Geart Benedictus. De ynformateur kaam freed mei it foar guon minsken ferrassende advys om in nij kolleezje te foarmjen mei CDA, VVD, SP en FNP. Ut it einferslach fan Benedictus docht bliken dat in nij kolleezje fan CDA, PvdA, VVD en FNP yn earste ynstânsje de foarkar hie fan CDA, VVD en FNP, wylst de PvdA foarkar joech oan in kolleezje mei de SP.

It kolleezje mei de PvdA kaam der lykwols net, omdat dizze partij festhold oan twa deputearren.

De PvdA easke twa deputearren yn it gefal dat it CDA dy ek krije soe. Dit wie foar de oare partijen net besprekber, omdat dy allegearre in kolleezje fan fjouwer partijen en op syn meast fiif deputearren hawwe woene. Boppedat wie de PvdA de grutte ferliezer fan de steateferkiezings fan maart. Omdat CDA en PvdA der yn ûnderling oerlis net útkamen, kaam Benedictus by eintsjebeslút út op de alternative mearderheid fan CDA, VVD, SP en FNP. Dizze kombinaasje jout, nei it ôffallen fan de PvdA as koälysjepartner, de breedste mearderheid yn provinsjale steaten, sa skriuwt Benedictus yn syn einferslach. Njonken it einferslach binne ek de ferslaggen fan alle petearen mei alle politike partijen iepenbier makke op de website fan de provinsje Fryslân oer de formaasje. De ekstra gearkomste fan Provinsjale Steaten begjint om 18.30 oere en is te folgjen op www.omroplive.nl.

Einferslach is te finen op: fryslan.frl

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)