Provinsjale politisy útkieze mei help fan Stemtinder

24 feb 2015 - 14:01
  • Website Stemtinder

Fryske provinsjale politisy dogge ek oan Tinder, Stemtinder foar de mobile telefoan wol te ferstean. De Friezen stean mei harren foto ek op de app. Mei help fan Stemtinder kinne minsken op ludike wize harren favorite politisy útkieze. Se krije in foto te sjen en bepale oft de persoan leuk is of net. De app is yntusken al mear as 30.000 kear ynstallearre.

Hy is in wiere hype oan it wurden.

Stemtinder is in fariaasje op de dating-app Tinder. Dêr krije minsken foto's te sjen fan persoanen dy't kontakt sykje. Troch de foto nei links of rjochts fan it skerm te skowen kin oanjûn wurde oft de persoan harren aardich taliket. De Stemtinder is betocht troch televyzjepresintator Arjen Lubach. Hy lansearre it idee yn syn satiryske programma Zondag met Lubach. Dêrnei is it oppakt en ek echt útfierd. Op 18 maart binne der ferkiezings foar provinsjale steaten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)