Provinsjale foarlêswedstriid

12 apr 2009 - 13:02

Biblioteekservice Fryslan hâldt no tiisdei de provinsjale dei fan de nasjonale foarlêswedstriid. Der dogge alve bern mei oan de finale. Sy komme fan skoallen yn ûnder oare Suwâld, It Hearrenfean, Koudum, Dronryp en Appelskea.

De bern lêze in fragmint foar út in jeugdboek dat se sels útkeazen ha. Alle kandidaten komme út de groepen sân en acht. De winner sil Fryslân fertsjintwurdigje yn de lanlike finale. Dy is 27 maaie yn Utrecht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)