Provinsjale feekeuring wer werom

19 okt 2005 - 10:19

Nei sân jier is der tiisdei wer in provinsjale feekeuring hâlden. Mear as hûndert kij diene yn it FEC yn Ljouwert mei oan de keuring. De keuring is ûnderdiel fan de Friesian Show, in nij meardaags evenemint. Ek it konkoers hippique Indoor Fryslân falt dêrûnder.

De Friesian Show is oprjochte sadat ferskate eveneminten gearwurkje kinne om sa de kosten leech te hâlden. Yn de takomst sille ek bygelyks de Taptoe en hynstefeilingen oanheakje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)