Provinsjale dyk tusken Snits en Wâldsein lang om let opknapt

07 okt 2015 - 18:50

Nei tsien jier fan plannen meitsjen en útfiering is woansdei de fernijde N354 tusken Snits en Wâldsein offisjeel oplevere. Op de drokke provinsjale dyk binne meardere ovondes oanlein en dûkers ferfongen. It asfalt op de autodyk is ek ferfongen.

Meast opfallend is de oanlis fan in frijlizzend fytspaad dat neist de autodyk rint en makke is fan recyclebeton. Fytsers hawwe dêr foarrang op lânbou- en motorisearre ferkear, dat no fan de paralleldyk gebrûk meitsje moat. Doel is de ferkearsfeiligheid te ferbetterjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)