Provinsjale dyk by Easterwâlde giet dit wykein ticht

08 jul 2015 - 10:13
  • De N381 tusken Easterwâlde en Appelskea

De N381 giet kommend wykein ticht tusken Easterwâlde en de oansluting mei de Drintske grins. It ferkear wurdt fan freedtejûn oant sneintemiddei omlaat by Easterwâlde en Beilen. Oannimmer Heijmans wurket dan ûnder oaren oan it fiadukt by Hildenberg en der wurdt oer it hiele stik dyk nij asfalt oanbrocht.

Om de oerlêst foar it ferkear safolle as mooglik te beheinen wurdt der yn it wykein en yn de nachten wurke. Dit kin wol liede ta lûdsoerlêst. De provinsjale dyk moat oan de ein fan dit jier foar in grut part klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)