Provinsjale diken feiliger, mar noch hieltyd gefaarlik

16 mrt 2015 - 07:04
  • 80 km-dyk benoarden Dokkum

Provinsjale diken binne yn de ôfrûne tsien jier feiliger wurden. Yn 2003 kamen 249 minsken om by ûngelokken op sokke diken, tsien jier letter wiene dat 100. Dat meldt de stifting Wittenskiplik ûndersyk Ferkearsfeiligens. Nettsjinsteande dy sifers binne provinsjale diken noch hieltyd de gefaarlikste diken, wêrop't ien op de fjouwer fan alle ferkearsûngelokken bart.

De kommende tweintich jier mear is as in miljard euro nedich om de feiligheid te ferbetterjen.

Neffens de ANWB binne de provinsjale diken sa gefaarlik om't se faak lâns it wetter lizze en ek steane der beammen flak neist de diken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)