Provinsjaal jild nei plattelân

16 mrt 2001 - 00:00

De provinsje sil de kommende 6 jier sa'n 66 miljoen gûne bydrage yn it programma Leader Plus. It programma hat ta doel om it plattelân fan Fryslân op sosjaal-ekonomysk mêd te ûntwikkeljen.

Tocht kin dêrby wurde oan toerisme, lytsskalige bedriuwichheid, biologyske lânbou en agrarysk natuerbehear. Yn Fryslân sille har nei alle gedachten 5 gebieten oanmelde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)