Provinsjaal jild nei klachteburo

26 mrt 2003 - 00:00

It ynformaasje- en klachteburo sûnenssoarch yn Fryslân kin trochgean mei syn wurk. De provinsje jout it buro earst subsydzje, oant der jild fan it Ryk komt. It buro is ûnderdiel fan it pasjinte- en konsuminteplatfoarm.

It buro is yn 2000 mei provinsjaal jild begûn. It ryk sei ta jild te jaan foar buro's yn it hiele lân. Dat jild is der noch net. Mei de provinsjale stipe kinne de tsjinsten útwreide wurde en wurdt mear oan de bekendheid wurke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)