Protters op begraafplak Wolvegea

30 mrt 2003 - 00:00

Protters soargje foar grutte problemen op it begraafplak yn Wolvegea. De grêven sitte ûnder in dikke laach fûgelstront en besikers rinne it risiko om tûken op de holle te krijen. Dy kinne troch it gewicht fan de fûgels fan de beammen ôf knappe.

Elke jûn om in oere as sân strike tsientûzenen protters del yn de beammen en de struken. De gemeente is fan doel om de hege beammen om te seagjen, om sa de protters fuort te hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)