Protter wint ek yn Laaksum

03 okt 2010 - 08:29
  • Protter measte sjoen by fûgeltelling

Op trije plakken yn Fryslân is sneon meidien oan de Europeeske fûgelteldei. Yn Nederlân waard dêrby de protter it measte teld, folge troch de boereswel en de bûnte lyster.

Fryslân kaam mei hiele ferskillende resultaten. De tellers yn Laaksum seagen ek de protter it meast, op Skylge wie dat de swarte see-ein en yn Bakkefean de kolgoes. By dat lêste plak waarden ek de measte soarten teld. Troch it mindere waar waarden der minder fûgels sjoen as oars.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)