Protte wurk foar Wetterskip

23 jan 2012 - 22:33

It wetterskip sil de kommende moannen teset mei it herstel fan de swakke punten yn de Fryske wetterkearings. Dy moatte foar it stoarmseizoen fan 2012 klear wêze.

Moandei waard yn it algemien bestjoer fan Wetterskip Fryslân de oanpak fan de wetteroerlêst fan begjin dit jier evaluearre. De FNP yn it algemien bestjoer hie fragen oer de ynset fan de oerrinpolders. Neffens dy partij soene dy tenei earder brûkt wurde moatte. It wetterskip lit lykwols witte dat de polders alhiel neffens de ôfspraken ynset binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)