Protte slaanderij op Skylge

20 mrt 2013 - 21:14
  • Gemeente Skylge

Skylge is it plak dêr't yn ferhâlding de measte mishannelings fan ús lân plakfine. Dat docht bliken út ûndersyk troch RTL Nieuws. Dat hat tolve soarten misdriuwen ûndersocht en opteld. Sa kaam Amsterdam as meast kriminele stêd út de bus. En op Skylge rinne je dus de grutste kâns om in klap te krijen. Foarich jier gie it om 32 gefallen. Neffens wurdfierder Marjolein Izeboud fan de gemeente Skylge binne de sifers foaral it gefolch fan it lik-op-stikbelied, dat simmerdeis tapast wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)