Protte protters op 'e Jouwer

22 mrt 2010 - 16:18

De Jouwer hat dizze wiken gasten: sa'n 250 tûzen protters. En dat soarget fansels foar de nedige oerlêst. De fûgels binne ûnderweis nei harren briedgebiet yn Noard-Europa en rêste hjir út. Op 'e Jouwer litte se it nedige achter.

De oerlêst fan de protters duorret nei alle gedachten noch wol oant heal april. Der is net in soad oan te dwaan. Nei ferrin fan tiid geane de fûgel wer fansels fuort....

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)