Protte jongerein hat muoite om mei jild om te gean

11 mrt 2015 - 08:15
  • Bern fan de St. Ludgerusskoalle yn Warkum krije les oer jild

It is de wike fan it jild, in inisjatyf fan Wijzer in Geldzaken. Doel is bern yn it basisûnderwiis te learen hoe't se mei jild omgean moatte. Dizze wike wurdt no foar de fyfde kear hâlden. In protte jongeren hawwe muoite om mei jild om te gean.

In tredde fan de jongerein tusken de 12 en 19 jier lit sels risikofol finansjeel gedrach sjen. Se gokke mei harren jild of se ha skulden. Dit docht bliken út ûndersyk fan Wijzer in Geldzaken. Fan de skoalbern lit 15-20% foartekenen fan problematysk finansjeel gedrach sjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)