Protte Frysk goud op it EK

05 jul 2013 - 21:34
  • Manon Kamminga

Manon Kamminga, Elma de Vries (2x), Crispijn Ariëns en Lars Scheenstra ha freed op de twadde dei fan it EK inline-skaten op 'e dyk yn Almere goud wûn. Ald-Haulster Elma de Vries en Wolvegeaster Crispijn Ariëns wûnen de puntekoers. Jan Blokhuijsen pakte it sulver. Op de ôflossing wie it Nederlânske trio Elma de Vries, Manon Kamminga en Bianca Roosenboom troch goed ploegespul opnij de sterkste. Op de baan hiene se dit keunstje al earder dien. Lars Scheenstra die mei Ronald en Michel Mulder itselde: goud op de ôflossing.

Foar Manon Kamminga wie it de sânde gouden medalje op it EK. Sneon stiet it lêste ûnderdiel op it programma: de maraton.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)