Protte beswieren ynlutsen

18 maaie 2010 - 19:59

Mear as de helte fan alle beswieren dy't by de provinsje yntsjinne wurde, wurde letter wer ynlutsen. Dat docht bliken út sifers fan de advyskommisje foar beswieren en klachten. Benammen beswieren oer it al of net ferlienen fan subsydzjes wurde faak ynlutsen.

Amtners soene dêrom earder kontakt opnimme moatte mei minsken dy't subsydzje oanfreegje as it der nei útsjocht dat dy de subsydzje net krijt. De provinsje behannele yn 2009 135 beswieren en 3 beroppen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)