Protte beferzen liedingen

06 feb 2012 - 12:32

Wetterbedriuw Vitens is benaud dat dizze wike in soad minsken sûnder wetter komme te sitten as gefolch fan beferzen liedingen. Troch de oanhâldende kjeld stie it bedriuw ôfrûne wykein al sa'n twatûzen klanten te wurd dy't hjir mei te krijen hiene.

Vitens set no ekstra personiel yn om alle minsken te helpen. It bedriuw advisearret de klanten ek om sels maatregels te nimmen. Sa is it ferstannich om alle radiatoaren iepen te draaien en de termostaat nachts net leger as fjirtjin graden te setten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)