Protte animo foar bernepakket yn Ljouwert

09 feb 2016 - 15:23

Hast 1.000 gesinnen yn de gemeente Ljouwert ha ferline jier gebrûk makke fan it saneamde 'kindpakket'. Yn totaal giet it om 1.750 bern. It bernepakket is in ynternetloket dêr't gesinnen mei net in soad jild in fergoeding oanfreegje kinne foar bygelyks skoalreiskes of skoalspullen. Ek kin de kontribúsje fan in sportferiening fergoede wurde, wêrtroch't de bern net yn in sosjaal isolemint reitsje.

It bernepakket is in inisjatyf fan Jeugdsportfonds Friesland, Jeugdcultuurfonds Friesland, Stichting Leergeld Leeuwarden, Sociale Wijkteams en de gemeente Ljouwert.  

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)