Protesttoer Amelân fuorthelle

30 okt 2009 - 17:10
  • Dizze protest-toer is fuorthelle (foto: Jeanet de Jong)

De miniatuer-boartoer dy't freed delset wie as ludyk protest tsjin de gaswinynstallaasje dy't de NAM by Bueren delsette wol, is troch de gemeente fuorthelle. It protest wie in inisjatyf fan de groep Prankster, dy't faker dit soarte fan grappen úthellet.

By it model stie ek in boerd mei de tekst 'Trek de stop niet uit Ameland'. Op it plak dêr't de protesttoer stie, is in boerd pleatst mei de fraach "Als een toren van vijf meter niet mag, wat moeten we dan met 2 van 75 meter?"

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)