Protestmars supporters SC Hearrenfean tsjin CAO-aksje plysje

06 aug 2015 - 06:07

Supporters fan SC Hearrenfean komme freed bymekoar yn it sintrum fan It Fean as protest tsjin it net trochgean fan de fuotbalwedstriid fan harren klup tsjin De Graafschap. Boargemaster Tjeerd van der Zwan hat de wedstriid ferbean fanwege de cao-aksjes fan de plysje.

Fan trije oere middeis ôf sammelje de fans harren by de Skoffel. Jûns wolle se in protestmars hâlde nei it gemeentehûs. Troch dêr in supportersfeestje te hâlden, wolle se de plysje twinge dochs oan it wurk te gean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)