Protestkuiertocht tsjin heak

31 aug 2002 - 00:00

Mei in muzikale kuiertocht sneon protestearren 200 minsken tsjin de heak om Ljouwert. De organisaasje fan de kuier fan Boksum nei Weidum fynt dat de natuer net wike moat foar in dyk. It Fryske Gea stipet de kuiertocht.

De protesttocht wie om't de bewenners gjin ynspraak hân ha yn de struktuerfyzje dy't der komme moat foar't in trasee fan de heak keazen is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)